Presintaasje nije Fryske lietebondel 29 maart

Presintaasje nije Fryske lietebondel

 

De Fryske ferzje fan it nije Lieteboek (beskikber sûnt 2015) wurdt in soad brûkt yn Fryske tsjerketsjinsten. Dat Lieteboek befettet lykwols hast gjin lieten dy’t oarspronklik yn it Frysk skreaun binne. Fierders binne der njonken it Lieteboek noch in hiel soad oersettingen yn it Frysk beskikber fan lieten dy’t graach songen wurde. Krúspunt (moetingsplak foar it Frysk yn en om ’e tsjerke) en Deputaten Fryske Earetsjinsten (fan ’e frijmakke grifformearde tsjerken yn Fryslân) hawwe de hannen gearslein om in oanfoljende bondel fan 168 lieten gear te stallen: Lieten fan leauwe en langstme. Yn de bondel stiet in breed repertoire fan bekende lieten: fan Joh. de Heer oant Opwekking en fan it Grifformearde Tsjerkeboek oant Zangen van zoeken en zien. Mar fansels is der ek in tal nije lieten opnaam.

De bondel sil op freedtejûn 29 maart presintearre wurde yn ‘de Fontein’, De Kolken 89, yn Drachten. Der sil út de nije bondel songen wurde troch it Martini Jongeskoar, it Yntertsjerklik Burgumer Manljuskoar en in kombo ûnder lieding fan Martin Boven. It oargel wurdt bespile troch Jochem Schuurman. Mar fansels sille ek de oanwêzigen mei fjoer en faasje út de nije bondel sjonge kinne. De presintaasje begjint om 19.30 oere en de tagong is fergees. Set dy datum dus yn de aginda en wês derby!

 

Presentatie nieuwe Friese liedbundel

 

De Friese versie van het nieuwe Liedboek (beschikbaar sinds 2015) wordt veel gebruikt in Friestalige kerkdiensten. Het bevat echter vrijwel geen liederen die oorspronkelijk in het Fries geschreven zijn. Verder zijn er naast het Lieteboek nog tal van vertalingen in het Fries beschikbaar van liederen die graag gezongen worden. Krúspunt (platform voor het Fries in en rond de kerk) en Deputaten Fryske Earetsjinsten (van gereformeerde kerken (vrijgemaakt) in Friesland) hebben de handen ineengeslagen om een aanvullende liedbundel samen te stellen: Lieten fan leauwe en langstme (liederen van geloof en verlangen). In de bundel staat een breed repertoire van bekende liederen: van Joh. de Heer tot Opwekking en van het Gereformeerd Kerkboek tot Zangen van zoeken en zien. Mar uiteraard is er ook een groot aantal nieuwe liederen opgenomen.

De liedbundel zal op vrijdagavond 29 maart gepresenteerd worden in ‘De Fontein’, De Kolken 89, in Drachten. Er zal uit de nieuwe bondel gezongen worden door het Martini Jongenskoor, het Interkerkelijk Burgumer Mannenkoor en een combo onder leiding van Martin Boven. Het orgel zal bespeeld worden door Jochem Schuurman. Maar natuurlijk zullen ook de aanwezigen uit volle borst uit de nieuwe bundel kunnen zingen. De avond begin om 19.30 uur en de toegang is gratis. Zet die datum dus in de agenda en zorg dat je erbij bent!